Deade hûn grouwélich tatakele, plysje siket tsjûgen

12 jan 2016 - 20:18
  • Plysje

De plysje siket tsjûgen nei oanlieding fan de fynst fan in deade hûn yn Ljouwert. De pup driuwde yn it wetter fan de Potmarge tusken snackbar Potmarge oan de Drachtsterwei en de Intratuin. De kop wie fan de romp helle en de ribben wiene iepen seage. It hert en de longen wiene derút helle. De hûn hie gjin chip sadat de eigener net achterhelle wurde koe.

In bistedokter hat fêststeld dat it om in jonge pittbull of stafford giet. It bist wie ûngefear fjirtjin wiken âld. Minsken dy't mear oer de saak witte, kinne harren melde by de plysje.

Warskôging: De twadde foto by dit berjocht kin as skokkend ûnderfûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)