Deade Hoeke-kampanje fan start

07 okt 2011 - 15:55

By Grou is freed in spesjaal plak iepene foar frachtweinen om de spegels by te stellen. It is it earste saneamde spegelôfstelplak fan Fryslân. Neffens it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens is it goed ôfstellen fan spegels fan libbensbelang.

Mei it parkearplak kin de provinsje in bydrage leverje oan ferkearsfeiligens. Der stiet in boerd mei ynstruksjes foar de sjauffeurs. Mei de iepening fan it plak is ek de ôftraap jûn foar de deade hoeke-kampanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)