Deade fûn by Lippenhuzen

06 apr 2012 - 11:06

It ûndersyk op lokaasje nei it lichem dat fûn is oan de Buorsterwyk yn Lippenhuzen is klear. It lichem waard freed om healwei njoggenen fûn troch in foarbygonger dy't har hûn útliet. Dy tocht dat der in reade jas yn it wetter dreau. Mar om't har hûn him nuver gedroech, besocht de frou de jas mei in tûke nei de kant te krijen. Doe die bliken dat it net in jas wie mar in lichem.

De warskôge plysje hat fuortendaliks in grut ûndersyk opset, omdat noch net útsletten wurde kin dat om in misdriuw giet. It lichem wurdt oerbrocht nei in mortuarium.

Dêr sil seksje dien wurde. De plysje docht noch gjin útspraak oer de identiteit fan it slachtoffer en wol ek noch net kwyt oft it om in man of in frou giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)