Deade fûn by de Tsjûkemar

20 jun 2013 - 10:07
  • It plak fan de Tsjûkemarmoard

Op swimplak de Ulesprong by de Tsjûkemar, flakby Sint Nyk, hawwe foarbygongers tongersdeitemoarn in lichem fûn. It is noch net krekt dúdlik wat der bard is. De plysje ûndersiket de saak op it stuit. Sjoen de spoaren dy't fûn binne, giet de plysje út fan in misdriuw.

It swimplak is ôfset. Foar it ûndersyk wurdt mooglik in helikopter ynset. Ek de plysje te wetter is by it ûndersyk ynskeakele. Der is in plysjeboat op de mar om minsken tsjin te hâlden dy't fan it wetter ôf it strantsje op wolle. Der wurkje mear as 30 minsken oan de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)