Deade fûn by de Edisonstrjitte yn Frjentsjer

14 nov 2015 - 17:31

Yn Frjentsjer is om 16.30 oere oan de Edisonstrjitte in deade fûn. It lichem lei yn de sleat lâns de dyk. Oer de identiteit fan de persoan en de tadracht is noch neat bekend.

De plysje docht op dit stuit ûndersyk. De belutsen helpferlieners hawwe yn de brândwachtkazerne fan Frjentsjer de mooglikheid om te praten mei it BedrijfsOpvangTeam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)