Deade fûgels troch meanen bermen

08 maaie 2003 - 00:00

Yn de spoarberm by Skearnegoutum binne trije fernielde nêsten mei deade fûgels fûn. De fûgelwacht Skearnegoutum seit dat dit bard is, om't ProRail, eigner fan it spoar, de bermen meand hat.

Ferline jier soarge it meanen yn it briedseizoen foar in protte opskuor. De gersmeanders soene dêrom tenei letter yn it seizoen it spoar by del gean, sa wie de ôfspraak. Prorail wol no mei de fûgelwachten om 'e tafel om oer it meanen fan de spoarbermen te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)