Deade fûgels melde by AID

18 feb 2006 - 12:40

Minsken dy't it lân yngean en deade fûgels fine, moatte de bisten lizze litte en melde by de algemiene ynspeksjetsjinst AID. Dy besjocht dan oft it needsaaklik is oft it bist ûndersocht wurde moat op ferskynsels fan de fûgelgryp.

Op dit stuit komme der by de ferskate ynstânsjes in soad fragen en meldings binnen oer deade fûgels. It melden fan in deade fûgel kin by de AID, op telefoannûmer 045 - 546 62 30.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)