Deade fisken by Noardwâlde

23 jul 2013 - 10:10
  • Deade fisken by Noardwâlde

Fryslân hat problemen mei it hite waar. De feart by Noardwâlde leit kilometers lang sawat droech. Dêrtroch is in soad fisk deagien. Foar elkenien is it sykjen om skaad en wetter. De Hermesbrêge yn Ljouwert moast byslipe wurde en wietspuite, omdat er oars net mear ticht woe.

Wetterskip Fryslân sil tiisdeitemiddei in geul yn de feart by Noardwâlde grave, sadat de fisk oerlibje kin. Der is fierders neat oars te dwaan as te wachtsjen op reinwetter.

Tsientallen fisken binne deagien yn in feart by de Haenepolle yn Noardwâlde, sa die bliken. De feart leit oer in ôfstân fan sân kilometer droech, om't der gjin wetter út de Drintske Aa weikomt. Meiwurkers fan de gemeente Weststellingwerf hawwe moandei de deade fisk út it wetter helle. De noch libjende fisk is oerset nei oar wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)