Deade by ferkearsûngelok

20 mrt 2001 - 00:00

In ynwenner fan Rinsumageast is tiisdei om it libben kommen by in ferkearsûngelok by Hallum. De bestjoerder ferliende gjin foarrang op in krusing en botste mei in frachtwein.

De automobilist kaam yn 'e knipe en is op it plak fan it ûngemak ferstoarn. De brânwacht hat him út de wein helle. De frachtweinbestjoerder rekke net ferwûne. It ferkear moast omlaat wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)