Deade en twa ferwûnen troch ferkearsûngelok by Wetsens

16 des 2015 - 18:18
  • Deadlik ferkearsûngelok by Wetsens

By in ûngelok op de Dokkumerwei by Wetsens is woansdei oan de ein fan de middei in 66-jierige man út de gemeente Dongeradiel om it libben kaam. De man bestjoerde in auto, dy't yn in flauwe bocht yn de dyk frontaal tsjin in oare auto botste.

Yn dy auto sieten twa manlju út de gemeente Dongeradiel, dy't beiden ferwûne rekken. De 18-jierrige bestjoerder rekke beknipe en is troch de helptsjinsten út de auto rêden. Syn byrider, in 16-jierrige jonge, rekke ek ferwûne. De beide binne nei it sikehûs brocht.

De dyk hat in skoft ôfsletten west. Oer de tadracht fan it ûngelok is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)