Deade en trije ferwûnen troch auto-ûngelok by Appelskea

05 apr 2015 - 09:36

By in auto-ûngelok yn it Drintse Wateren, deunby Appelskea, is sneontenacht in jonge fan 18 jier út Smilde om it libben kaam. Trije ynsittenden út Appelskea rekken slim ferwûne. In jonge (18) is yn kritike tastân oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. In famke (17) rekke swier ferwûne en waard ek mei de ambulânse nei Grins ferfierd. De oare ynsittende, in jonge (20), is ferwûne oerbrocht nei it sikehûs yn Swolle.

De auto rekke op de Appelschaseweg troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en botste frontaal tsjin in beam en rekke yn de sleat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)