Deade en swierferwûnen by ûngelok Jirnsum

13 apr 2016 - 20:11

By in swier ûngelok op de Reinerswei tusken Jirnsum en Grou is woansdeitejûn in jonge frou om it libben kommen. De bestjoerder rekke ferwûne, twa oare ynsittenden, twa manlju en in jonge frou rekken swierferwûne, in fyfde persoan rekke lichtferwûne.

De fiif minsken sieten yn in auto dy't tsjin in beam botst is en dêrnei yn de sleat bedarre. De helptsjinsten wiene massaal te plak om help te ferlienen, wêrûnder ek in traumahelikopter. De fjouwer ferwûnen binne mei ambulânses nei ferskate sikehuzen ôffierd.

It is noch ûndúdlik wat de oarsaak fan it ûngelok west hat, de plysje ûndersiket dat noch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)