Deade en swierferwûne by ûngelok Drachten

05 aug 2015 - 14:37
  • Undersyk Drachten

Yn Drachten is woansdeitemiddei in 61-jierrige man út Sint Anne ferûngelokke by in botsing tusken in motor en in buske yn Drachten. It ûngelok barde krekt nei ienen op de krusing fan de Dopplerleane en de Galvanileane. De motor mei twa opsittenden botste mei in transportbus en gong dêrnei ûnderút.

De man ferstoar op it plak fan it ûngelok. Syn frou fan 54 jier siet ek op de motor. Se is swierferwûne nei it sikehûs yn Grins brocht. De bestjoerder (37) fan it buske út Zwolle is oanhâlden. Hy hat nei alle gedachten gjin foarrang ferliend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)