Deade en ferwûnen by proefrit

26 apr 2002 - 00:00

In ûngelok by in proefrit hat freed in man út Earnewâld it libben koste. Twa minsken rekken ferwûne. It ûngelok barde op de Canterlandsewei, tusken Lekkum en Gytsjerk.

De trije slachtoffers makken in proefrit mei in Audi en rekken fan de dyk ôf, de sleat yn. Hoe't dat kaam is noch net dúdlik. Helpferlieners moasten it dak iepen knippe om der by te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)