Deade en ferwûnen op A7

23 des 2011 - 20:46

Op de A7 by Drachten is freedtejûn in ynwenner (39) fan Kudelstaart om it libben kaam. De man ried mei syn auto tsjin in beam. Dat wie neidat flak foar him twa auto's byelkoar op botst wiene. By dat ûngelok rekke ien persoan swier ferwûne, fjouwer oaren koene op it plak sels troch ambulânsepersoniel behannele wurde.

Wat der krekt bard is wit de plysje noch net, dêrfoar moatte earst alle tsjûgeferklearringen besjoen wurde. De A7 by Drachten hat troch it ûngelok in skoft ôfsletten west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)