Deade en 2 ferwûnen by ûngelok

04 mrt 2003 - 00:00

By in ûngelok tusken Surhústerfean en Bûtenpost binne tiisdei in deade en twa swierferwûnen fallen. In auto mei dêryn in man en in frou botste by it ynheljen frontaal op in tsjinlizzer.

De bestjoerder fan 'e tsjinlizzer wie op slach dea. De oare man en de frou binne troch de brânwacht út 'e auto helle. Dêrnei hat de traumahelikopter harren nei sikehûs yn Grins brocht. De dyk wie oant in oere of seis ôfsletten foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)