Deade by brân yn wenhûs Dokkum

12 sep 2015 - 08:28

By in útslaande brân yn in wenhûs yn Dokkum is sneontemoarn ien persoan om it libben kaam. It fjoer bruts om acht oere hinne út op de boppeste ferdjipping fan it hûs oan de Hoedemakerswei. Dy ferdjipping is folslein útbaarnd. De trije hûzen der njonken hawwe flinke skea oprûn. De bewenners wurde tydlik earne oars ûnderbrocht. Der is noch neat bekend oer de oarsaak.

Sadree't it feilich is, docht de plysje ûndersyk yn it hûs nei de identiteit fan it slachtoffer en nei hoe't it fjoer ûntstean koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)