Deade by bedriuwsûngelok

22 jan 2003 - 00:00

By metaalbewurkingsbedriuw King Metaal yn Frjentsjer is woansdeitemoarn in 21- jierrige wurknimmer om it libben kaam. Hy wie dwaande in saneamde 'u-balke' fan in frachtwein te takeljen. Dy balke foel út 'e strop fan de kraan wei en kaam op de man telâne. It slachtoffer wie op slach dea.

Der binne twa ambulânses en in traumahelikopter ynset. De Arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)