Deade beammen rekreaasjepark

31 jul 2008 - 12:07
  • beammen moasten wike foar de fiver

In tredde part fan it gloednije bosk op rekreaasjekompleks Schatzenburg by Menaam is deagongen troch de droechte. Dizze maaitiid is tsien bunder op it park opnij beplante, as ferfanging fan de beammen dy't der seis jier lyn roaid binne. Dy moasten wike foar de útwreiding fan in fiver.

Yn oktober sille de deade beammen ferfongen wurde. Neffens eigner Ron van Booma fan Schatzenburg kin de skea ferhelle wurde op it bedriuw dat de beamkes oanplante hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)