Deade by ûngelok Wâlterswâld

25 feb 2012 - 20:24

By in slimme oanriding is sneontejûn by Wâlterswâld in 56-jierrige frou út Driezum om it libben kommen. Har 59-jierrige man leit yn kritike tastân yn it sikehûs yn Grins.

It echtpear waard oan it begjin fan 'e jûn skept troch in auto bestjoerd troch in 22-jierrige doarpsgenoate op de Sânharst. Dat is in tsjuster en smel dykje. De froulike bestjoerder seit dat se de kuierders net sjoen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)