Deade by ûngelok op A7

07 des 2011 - 12:25

Op de A7 hat woansdei om it middeisoere in ûngelok west. In tankauto fol feefoer is oer de kop slein. De sjauffeur, in man (32) fan De Hommerts, siet beknypt yn de kabine en is op it plak fan it ûngelok ferstoarn oan syn ferwûnings. It ûngelok gebeurde flakby de tunnel ûnder it Prinses Margrietkanaal, by Twellingea, westlik fan De Jouwer. Neffens de plysje wie dêr sprake fan in grutte gaos. De A7 rjochting de Ofslútdyk is ôfsletten. Ferkear dat dy kant út wol, wurdt by De Jouwer oanret om de A6 te nimmen.

It ferkear rjochting Ofslútdyk moat noch rekken hâlde mei flinke oerlêst troch it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)