Dea kokkels min foar fûgels

05 mrt 2012 - 15:47

Earste ynventarisaasjes en yndrukken fan ûnder mear it Koninklijk Nederlands Instituut voor Zeeonderzoek meitsje dúdlik dat mear as de helte fan de kokkels yn it Waadgebiet de winter net oerlibbe ha.

Deselde winter dy't ús hast in Alvestêdetocht brocht wie funest foar dy skulpbisten. Ek al komt it op lange termyn nei alle gedachten wol wer goed, de kokkelstjerte no bliuwt net sûnder gefolgen. Briedfûgels as de strânljip en de eidereinen dy't ôfhinklik binne fan kokkels en oare skulpen krije in min briedseizoen.

Steltrinners as de mients dy't op reis fan Afrika nei Siberië yn it Waadgebiet foerazjearje, komme ûnderweis sûnder brânstof te sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)