Dea Jules Schelvis "net te befetsjen" foar Jouster dirigint

04 apr 2016 - 19:46
  • Kening Willem-Alexander klapt foar Jules Schelvis (93) by de premjêre fan Er reed een trein naar Sobibor'

Dirigint Jan Vermaning fan De Jouwer is bot fan slach troch de dea fan Jules Schelvis dy't konsintraasjekamp Sobibor oerlibbe. "Je witte dat it deroan komt, mar it is wol in klap," seit Vermaning.

Vermaning wurke sûnt 2012 yntinsyf gear mei Schelvis. Hy wie ien fan de inisjatyfnimmers fan de konsertrige Er reed een trein naar Sobibor. Schelvis fertelde dêryn wat er meimakke hat ûnderweis nei it ferneatigingskamp Sobibor. Dêr binne 34.000 Nederlânske joaden hinne brocht. Mar achttjin kamen werom.

Humaan
"Syn fisy op it libben hat my feroare" seit Vermaning. By it proses fan kampwachter John Demjanjuk bygelyks. "Doe fûn Schelvis dat dy âld man de finzenis net mear yn hoegde. Hy woe allinnich de wierheid wite. Dat is sa humaan. Aimabel. Jo ferwachtsje in oare reaksje, as jo witte wat der mei syn famylje bard is."

Oerlibbene
"De lêste blik, dat wie it yndrukwekkendste fan alles." Vermaning hat it oer de blik dy't er yn de eagen fan Schelvis seach nei it lêste konsert yn de rige Er reed een trein naar Sobibor. "Doe seagen jo dat er wist dat it dien wie. Hy wie de iennige dy't dy reis oerlibbe hat. De iennige dy't echt foar him seach hoe't it gien wie. Dy't seach wêr't syn frou rjochtsôf gie..."

Op telefyzje
De NOS stjoert moandeitejûn in registraasje út fan it konsert Er reed een trein naar Sobibor, om 22:55 oere hinne op NPO2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)