Dea jonge frou skokt De Wissel

22 jun 2010 - 16:03

De gewelddadige dea fan de 24-jierrige Suzanne Monsma fan Dokkum is hurd oankaam by kringloopbedriuw De Wissel yn Dokkum. Dêr wurke de jonge frou sûnt seis wike. Suzanne Monsma waard moandeitejûn dea fûn it Tolhúspark yn Súd-Dokkum. Se is mei geweld om it libben brocht, sa docht bliken.

In 24-jierrige fertochte is ferheard troch de plysje. By him thús is ûnderwilens ek al hússiking dien. De plysje wurket mei fyftjin resjersjeurs oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)