Dea Herman klap foar Pigmeat

02 apr 2004 - 00:00

De Fryske band Pigmeat is foar de twadde kear yn koarte tiid troffen troch min nijs. Nei it fallisemint fan slachterij Brada is freedtemoarn ek bolle Herman ferstoarn. Bolle Herman ferstoar yn 'e âldens fan 13 jier. Pigmeat hie yn 1998 in hit mei de titel: Herman moest naar Brada.

De band hat him efkes werom lutsen om by te kommen fan alle tsjinslach. Letter dit jier komt in nije CD, mei op 'e nij in nûmer oer in ko.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)