Dea fee oantroffen by kontrôle

22 nov 2001 - 00:00

By in grutte kontrôle op in greidbuorkerij yn Aldwâld is woansdei dea fee ûntdutsen. De Algemiene Lanlike Ynspeksjetsjinst die de kontrôle yn de mande mei dierebeskerming, wetterskip, plysje en miljeu-advystsjinst.

Op it bedriuw mei 130 kij binne earder al fertutearze bisten oantroffen. Ek wie der earder al dea fee. De eigners wurde mooglik strafrjochtlik ferfolge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)