De Wylde Weide hellet skiep út gemeente Hearrenfean

22 jan 2015 - 16:45
  • De hûn hâldt de keppel skiep goed yn 'e gaten

De keppel skiep fan De Wylde Weide ferlit de gemeente Hearrenfean. It bedriuw dat rûnom yn Fryslân skiep hat, is lilk op de gemeente om't se harren net goed behannele fiele. Sa mislearren de ûnderhannelings oer it keapjen fan de stâl yn Tsjalbert om't de gemeente in te hege priis frege, fynt De Wylde Weide.

Ek wol de gemeente neffens eigener Diederik Sleurink te min betelje foar it wurk dat De Wylde Weide mei syn keppel skiep docht. Yn de iepenbiere oanbesteging giet it neffens Sleurink allinnich mar om de priis en net om de kwaliteit.

Neffens Sleurink wol de gemeente Hearrenfean allinnich mar koartrinnende kontrakten ôfslute, wylst de eigener fan de skiep mear as 200.000 euro yn in ûnderkommen foar syn bisten ynvestearje moat. Neffens Sleurink kin hy sa net wurkje. Oerlis mei de gemeente wie neffens him net mooglik. De skiep fan Sleurink ûnderhâlde it grien yn de gemeente al sûnt 2006. Dit jier soe der in nij kontrakt ôfsletten wurde moatte.

Neffens wethâlder Hans Broekhuizen is it tige spitich dat it sa rûn is. Hy ûntkent dat der allinnich mar nei de priis sjoen wurdt. Yn it foar wurde ûndernimmers oanskreaun om mei te dwaan oan de oanbesteging en dan wurdt ek sjoen nei de kwaliteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)