DE-winkel op de Jouwer ticht

25 okt 2014 - 09:17
  • DE Master Blenders 1753

De Douwe Egberts winkel op De Jouwer is ticht. Freed wie de lêste dei dat de winkel mei kofje- en teeprodukten iepen wie. It assortimint fan DE wurdt tenei oanbean yn de 400 winkels fan Blokker. Dat nimt ek it behear fan it bekende DE sparpunteprogramma oer.

Mei-inoar hie DE 14 festigings yn Nederlân. Alle meiwurkers fan de winkels hawwe dien krigen. Mei de 12 ûndernimmers dy't in DE-kafee runne hawwe petearen west oer de takomst fan har saak. Oan it Ruiterskwartier yn Ljouwert is sa'n kafee festige. Dat bliuwt iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)