De Wijnberg dochs net ticht

12 apr 2003 - 00:00

Hotel De Wijnberg yn Boalsert hoecht dochs net ticht. De gemeente Boalsert en de eigner binne noch ta in oerienkomst kaam. In nije finansierder hat him melden. Fan moandei ôf kin dêrom mei de oanpassings begûn wurde.

It hotel moast ticht omdat it net brânfeilich genôch wie. 10 fan de 50 gasten oernachtsje fan sneon op snein yn in oar hotel. Foar de oaren is der in befeiligingsbedriuw dat om it kertier kontrolearret op brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)