De Welle gjin topsportlokaasje

20 feb 2006 - 10:00

Swimbad De Welle yn Drachten wurdt net oanmerkt as topsportlokaasje. Dat betsjut dat wichtige kampioenskippen de kommende jierren net yn Drachten hâlden wurde. En dat wylst it wedstriidbad lanlik bekend stiet as ien fan de fluchsten fan it lân.

De reden dat De Welle de status net krijt is it útbliuwen fan subsydzje fan fjouwer miljoen euro foar needsaaklike oanpassingen. De gemeente wol dat bedrach net allinne op tafel lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)