'De Watertoren' krijt útstel

27 maaie 2013 - 14:00

Wyksintrum De Watertoren fan de Lemmerweg-wyk yn Snits hoecht dochs net mei yngong fan 1 oktober út harren gebou oan it Kaatsland. De wykferiening hat útstel krigen fan wennigboustifting De Wieren.

It wyksintrum sit yn in âld skoalgebou en dat gebou wurdt op 1 oktober oerdroegen oan De Wieren. Dat se der dochs net út hoege op dy datum komt trochdat in alternative lokaasje op it lêste momint net troch giet. De wykferiening woe eins yn it âlde garaazjegebou oan de IJlsterkade, mar dat gebou is ferkocht oan in oare partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)