De Waadwente yn Dokkum foar in part ticht fanwege gryp

30 jan 2015 - 19:14
  • Siik op bêd

Ferpleechhûs De Waadwente yn Dokkum hat de twadde ferdjipping ôfsletten fanwege alve sike bewenners. Dy hawwe de gryp. De meiwurkers dy't op de twadde ferdjipping wurkje, meie net op oare ferdjippings wurkje en moatte kapkes foar de mûle ha en plestiken mofkes oan.

De earste ferskynsels wiene tiisdei, tongersdei waard de ôfdieling sletten om foar te kommen dat oare bewenners ek siik wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)