De Vries yn basis tsjin AGOVV

07 aug 2011 - 12:23
  • Mark de Vries (foto: Dirk Jan Haarsma, Omrop Fryslân)

Cambuuroanfaller Mark de Vries begjint moandeitejûn yn de basis tsjin AGOVV. Hy krijt dêrmei de foarkar boppe Martijn Barto. Cambuur kin net beskikke oer middenfjilders Oguzhan Türk en Marco van der Heide. Türk hat noch in skorsing stean fan ferline jier en Van der Heide is blessearre oan de ljisk.

De opstelling fan Cambuur is: Bizot, Droste, Hese, Van der Laan, Vosselman, S. van der Heide, El Makrini, Bakker, Dissels, De Vries en De Leeuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)