De Vries wint yn Noardlaren

15 jan 2013 - 21:21
  • Bob de Vries
  • Groeneveld en Berga

De earste maraton op natoeriis is tiisdeitejûn wûn troch Bob de Vries fan De Haule. Op it iis fan Noardlaren naaide De Vries tsien rûntsjes foar de ein út. Hy siet yn in kopgroep mei noch njoggen oare riders. Dat barde op it momint dat ploechmaat Arjan Stroetinga de sprint fan it peloton wûn. De Vries siet achter Stroetinga en gong op aventoer. De rider fan de BAM-ploech kaam allinne oer de streek. Christijn Groeneveld en Ingmar Berga, ek fan de BAM-ploech, waarden twadde en tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)