De Vries wint Winterloop

17 jan 2009 - 13:47

De Winterloop fan tsien kilometer yn Makkum is sneon wûn troch Hilbert de Vries út Ljouwert. Twad waard Jan Albert Veenema fan Boalsert, neidat de Vries nei acht kilometer by him wei rûn. Gerrit Kramer fan Boalsert einige op it tredde plak.

By de froulju wûn Betty Agricola fan Goaiïngaryp. Sy einige 47 tellen earder as de twadde rapste frou, Liesbeth Steenbergen fan Snits. 250 dielnimmers rûnen mei yn Makkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)