De Vries twad yn Greenery Six

14 des 2003 - 00:00

De Amearikaan KC Boutiette hat de de Greenery seisdagemaraton wûn. Boutiette waard snein yn Den Haach yn de ôfslutende wedstriid tredde. Dat wie genôch om syn liedersposysje te hâlden. Koen Lankhaar waard earste yn Den Haach.

Lankhaar ûntsnapte yn de slotfaze út in kopgroep fan trije hurdriders. Achter him sprinte Henk Angenent nei in twadde plak. Boutiette wûn fjouwer kear yn dit evenemint. Jeroen de Vries fan Sint Nyk waard twad yn it einklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)