De Vries tredde yn Grins

19 feb 2011 - 22:26
  • Douwe de Vries (argyffoto)

Douwe de Vries fan It Hearrenfean is tredde wurden by de maraton yn Grins. De Vries siet yn in kopgroep fan sân man, mar yn de sprint waard hy ferslein troch Jan Maarten Heideman en Mart Bruggink. Foar Heideman wie it de 77ste oerwinning yn syn karriêre. By de froulju wûn Carla Zielman fan Rottum de massasprint, foar Mariska Huisman en Foske Tamar van der Wal. Zielman is ek winner fan it klassemint om de KPN Maraton Cup. Takom sneon is de lêste maraton op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)