De Vries tredde op natueriis

20 jan 2007 - 15:15

Jeroen de Vries út Sint Nyk is sneon tredde wurden op de twadde maraton yn it Sweedske Borlänge. It giet om de KNSB-Grand Prix Circuit op natueriis. Dizze wedstriid wie 150 km lang. Tongersdei waard De Vries ek al tredde yn Borlänge, doe oer 80 km.

Erik Hulzebosch waard sneon de winner en Ruud Aerts twadde. By de froulju wûn Daniëlle Bekkering, foar meisprintsters Lieke Splinter en Kitty Meeth.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)