De Vries siket nei goede foarm

16 maaie 2011 - 15:28
  • Mark de Vries (foto: Omrop Fryslân)

SC Cambuuroanfaller Mark de Vries is op syk nei de goede foarm foar de play-offs. Tongersdei begjint Cambuur mei in thúswedstriid tsjin Zwolle, snein folget de útwedstriid.

Yn in wiidweidich ynterview mei Omrop Fryslân sjocht De Vries foarút op de konfrontaasjes. Hy praat ek oer trainer Henk de Jong, dy't neffens him in wichtige rol spilet by Cambuur. Mar ek syn eigen rol, de rol fan skiedsrjochters en de play-offs fan de ôfrûne jierren komme foarby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)