De Vries net iens mei KNSB

24 okt 2007 - 12:00
  • Peter de Vries

Maratonreedrider Peter de Vries fan It Hearrenfean is it net iens mei de opset fan it maratonseizoen. Sa fynt hy de live-útstjoerings fan SBS 6 langtridderich en fynt de reedrider de tuskensprints in minne saak.

Boppedat fynt hy it skandalich dat it reedrydbûn oare tillevyzjestjoerders ferbied bylden te meitsjen. As it oan De Vries leit wurdt der sa gau as mooglik wer hûndert rûntsjes riden op 'e sneontejûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)