De Vries listlûker PvdA

10 okt 2014 - 08:44
  • De trije kandidaten: Roel de Jong, winneres Jannewietske de Vries en Lutz Jacobi

Jannewietske de Vries is freed keazen ta PvdA-listlûker foar de kommende provinsjale ferkiezings. It is de earste kear dat de partij de leden frege hat in kar te meitsjen foar in listlûker. De Vries fersloech yn de striid Lutz Jacobi en Roel de Jong. Dy lêste foel nei de earste ronde ôf. De Vries krige yn de twadde ronde 52 prosint fan de stimmen, tsjin 48 foar Jacobi. It ferskil wie 42 stimmen.

Yn oanrin nei de útferkiezing wienen der wat problemen, om't in soad leden net fia ynternet stimme koenen. Se moasten in papieren stimbiljet brûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)