De Vries 'gefaarlike outsider'

10 jan 2014 - 10:40
  • Douwe de Vries

De Noarske reedriders Havard Bokko en Sverre Lunde Pedersen beskôgje de Fryske dielnimmer Douwe de Vries as in gefaarlike outsider by it Europeesk kampioenskip allround yn it Noarske Hamar. De Vries makket op 31-jierrige leeftyd syn debút op it toernoai, dat sneon en snein hâlden wurdt. Douwe de Vries kwalifisearre him by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai foar it EK, ek omdat bygelyks titelferdigener Sven Kramer it toernoai links lizze lit.

In goeie 1500 meter en 5 kilometer soarge derfoar dat Douwe de Vries útkomme mei op it EK.

De Nederlânske manljusploech bestiet fierder út Jan Blokhuijsen, Koen Verweij en Renz Rotteveel.

By de froulju besiket reedrydster Ireen Wüst dit wykein foar de tredde kear yn har karriêre Europeesk Allroundkampioene te wurden. Earder pakte se de titel yn 2008 en 2013, ferline jier dus. Op de baan yn it Noarske Hamar moat it barre foar de frou, dy't ek al 4 kear wrâldkampioene wie. Njonken Wüst dogge foar Nederlân ek Friezinne Yvonne Nauta, Diana Valkenburg en Marije Joling mei. Ferline jier helle Wüst de WK-titel by it allround-reedriden yn Hamar. De baan leit har dus wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)