De Vries en Sterk op poadium

03 mrt 2007 - 15:49
  • Maria Sterk: dochs tredde (foto Martin de Jong)

Maratonreedrydsters Elma de Vries fan De Haule en Maria Sterk fan Hallum binne twadde en tredde wurden yn it einklassemint fan de Essent Cup.

Yn de lêste wedstryd fan it seizoen yn Assen waard Sterk twadde. Se moast, om tredde te wurden yn it einklassemint, einigje foar Helen van Goozen en dat slagge. Daiëlle Bekkering wûn yn Assen en sy waard ek earste yn it einklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)