De Vries en Leenstra nei WB

25 nov 2009 - 13:04
  • Marrit Leenstra (foto: Martin de Jong)

De Friezinnen Marrit Leenstra en Elma de Vries ha woansdei op it iis fan Thialf in startbewiis helle op de 1500 meter foar de wrâldbekerwedstriden yn Calgary en Salt Lake City. Dy wedstriden binne yn de earste twa wykeinen fan desimber. Elma de Vries wûn de 1500 meter yn 1.58,67, Marrit Leenstra waard twadde yn 1.59,90.

Sven Kramer helle gjin 1500 meter kwalifikaasje. Simon Kuipers wie yn 1.46,25 de bêste. Kjeld Nuis ried 1.46,68. Kuipers en Nuis ride no de WB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)