De Vries earste op NK sprint

03 mrt 2007 - 17:46
  • Sjoerd de Vries (foto Martin de Jong)

Sjoerd de Vries fan Twellingea stiet earste by it Nederlânsk Kampioenskip sprint foar junioaren yn Den Haach. Op de 1000 meter ride hy in baanrekôr. Op de 500 meter waard er twad. Jesper Hospes fan It Hearrenfean wûn de 500 meter en is njoggende yn it klassemint.

Marrit Leenstra fan Wikel stiet tredde by de froulju. Op de 500 meter waard se fjirde en op de 1000 meter twadde. Ingeborg Kroon fan Snits stiet fyfde. Snein is de lêste dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)