De Vries deiwinner De Lemmer I

13 aug 2010 - 15:56
  • Der waard yn in trijehoek syld

Walter de Vries hat freed op 'e Lemmer de ien-nei-lêste wedstriid wûn fan it IFKS skûtsjesilen. Hy waard folge troch Jelle Talsma en Siebo Zijsling. It wie in rêstige wedstriid sûnder protestsituaasjes.

Klassemintslieder Delmer Los sylde in minne wedstriid en einige as sânde. Dat betsjut dat Jelle Talsma noch kâns makket op de kampioenstitel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)