De Vries 12e op WK skeelerjen

07 sep 2008 - 13:39
  • Elma de Vries (foto: Martin de Jong)

Elma de Vries is op it WK skeelerjen tolfde wurden op de 1000 meter. Yn it Spaanske Gijón waard se yn de heale finale útskeakele mei in tiid fan 1 minút en 32 sekonden.

Ek mei de Nederlânske ploech hie de âld-ynwenster fan De Haule gjin sukses. De Vries waard mei Bianca Roosenboom en Mariska Huisman diskwalifisearre troch in ferkearde wiksel. Snein is in rêstdei, moandei giet it WK fierder mei skeelerjen op 'e dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)