'De Vreeze moat foar rjochter'

01 nov 2013 - 14:33
  • Caparis

De âld-direkteur fan Caparis, Wilco de Vreeze, moat foar de rjochter brocht wurde. Dat fynt de fraksje fan D66 Smellingerlân. De Vreeze stapte op nei oanlieding fan in ûndersyk nei belangeferstrengeling. De fraksje wol ek dat de hiele Rie fan Tafersjocht ek ferfongen wurdt.

Undersyksburo Bing hat yn alle gefallen twa gefallen fan belangeferstrengeling oantoand. Oare saken koenen net bewiisd wurde, omdat belutsenen partijen net meiwurkje woenen oan it ûndersyk.

D66 sil op 5 novimber yn de ried fan Smellingerlân in moasje ynstjinje om in strafrjochtlike proseduere mooglik te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)