De Visscher nei FC Emmen

30 aug 2010 - 08:47

Jeffrey de Visscher stapt per direkt oer nei FC Emmen. Oan it begjin fan it seizoen waard al dúdlik dat de rjochteroanfaller net langer foarkaam yn de plannen fan trainer Stanley Menzo, boppedat drukte syn salaris tefolle op 'e begrutting. Yn de lêste kompetysjewedstriid tsjin AGOVV mocht De Visscher 45 minuten waarmrinne sûnder yn te fallen.

Cambuur naam De Visscher yn jannewaris 2009 oer fan Aberdeen út Skotlân. Yn 2001 spile hy ek alris foar FC Emmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)