De Vegt opnij oan kant skood

29 jan 2002 - 00:00

Reedrydtrainer Wopke de Vegt fan Beetstersweach is troch syn pupil Marieke Wijsman oan 'e kant set. Reden soene 'kommunikaasjeproblemen' wêze.

De Vegt trainde Wijsman sûnt koart pro deo, neidat er spul krige hie mei syn pupil Marianne Timmer. Marieke Wijsman komt op de Olympiade yn Salt Lake City út op de 1000 meter. Wa't har no traine sil, is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)